Ôfskie Ried Noardeast-Fryslân - Jan Jarig van der Tol

Overhandiging glossy aan burg vd Berg.JPG
ChristenUnie Noardeast-Fryslan
Door Webredactie Noardeast-Fryslân op 11 april 2022 om 18:16

Ôfskie Ried Noardeast-Fryslân - Jan Jarig van der Tol

Dêr is in ein kommen oan in perioade fan riedslid wêze. Meastens bart dat oan ‘e ein fan in taspraak of komt it sels spitigernôch net, mar ik wol der mei begjinne.

Yn it foarste plak wol ik tank sizze oan myn himelske Heit, dy’t my de krêft en de romte joech om dit riedswurk allegearre te dwaan. Wêr’t minsken al jong stjerre as klachten krije, hat Hy my sûnens jûn en hat Hy wiisheid en ynsicht jûn. Dêrom bin ik Him boppe alles en eltsenien tankber.

En Annemarie, myn leave en trouwe frou wol ik tige tank sizze foar de mooglikheid dy’t ik krigen ha om my yn te setten earst foar de doedestiids moaiste gemeente fan Fryslân en Nederlân, Ferwerderadiel en de lêste jierren foar ús moaie gemeente Noardeast-Fryslân. Wêr mooglik koenen wy tegearre ek goed oer ferskate ûnderwerpen trochprate.

Boargemaster mr J.G. Kramer tige tank foar jo goede wurden. Wy kenne elkoarren al jierren, al fanút de tiid dat wy yn Ferwerderadiel ‘sosjaal sjoen’ noch by  Frjentsjer sieten en Menameradiel noch bestie. Wat dat oangiet wie it ek foar my in feest dat ik yn de Betrouwenskommisje plaknimme mocht en dat wy jo foardrage mochten as ús nije boargemaster. Yn dat moaie kommisjewurk siet foar my ek noch letterlik muzyk,  wat my goede freonen oplevere hat.

Ik bin bliid dat ik it riedswurk yndertiid oernimme mocht fan myn rju eale foargonger Mient Holwerda. Syn leauwe, Godsbetrouwen en belutsenens hawwe altiten in ynspiraasje foar my west. Tige tank! Wy ha in prachtich moaie tiid yn Ferwerderadiel hân mei help fan de fraksje doedestiids.  It wienen  jierren fan opposysje fiere, benammen mei de riedsleden D.Ferwerda en B.Wybenga. Jimme ek tige tank! Dat wie in goed gearwurkjen en wy hawwe, ek al wienen wy in minderheid,  aardich wat berikke kind.

Yn de nije gemeente waard it 3½ jier operearjen  yn in koälysje. Dat is wol in omskeakeling. Mar ik ha myn wei der wol yn fine kind ek al lôge myn opposysjebloed sa no en dan wer ris op.  Slaaf fan in koälysje wêze sit sabysa net yn myn bloed.

Hawar: It bleau lyk as foarhinne prachtich om riedswurk foar de mienskip te dwaan: Kontakten mei de boargers mei harren soargen mar ek mei harren winsken en goede ynisjativen.

En dan is it in hege taak om as riedslid minsken net nei de mûle te praten en fan alles ta te sizzen, wat mooglik net wier te meitsjen is, mar om goed te harkjen, te ûndersykjen en  te hifkjen hoe’t de saken der foar steane en hoe’t de hazzen rinne om fan dêrút in lykwichtich stânpunt te bepalen. Dat freget om in protte wiisheid. En earlik sein: je sitte der ek wol ris neist en sis dat mar rûn-út as dat sa is. Gjin skande.

In riedslid sûnder lek as brek bestiet net, mar dêr moast dy net by dellizze. Opdracht bliuwt: stribje nei it goede foar de mienskip, as it kin it maksimale.

Ek wol ik ús ChristenUnie-fraksje (Lysbeth, Klaas en Jan) en skaadfraksje tige tank sizze foar de goede gearwurking. Wy binne as fraksje yn dizze pear jier sterk oan elkoarren ferbûn rekke. Om oan’t de nije dei dat ús Ferlosser werom komt, ienriedich fanút it selde leauwe te wurkjen. God hat ús oansteld as rintmasters en behearders fan syn skepping. Tink bg. oan bioferskaat (-diversiteit). Hjirby ha wy altiten besocht de minsklike maat te behâlden en dêrfoar op te kommen. Wat my oangiet tink ik oan de feiligens fan minsken: de rûnwei Wânswert, dy’t der no wier oan stiet te kommen. Ik tink ek oan de prachtige unike simmerpolders, dêr’t wy tige sunich op wêze moatte, want minsken fertsjinje dêr, fan heit op soan, al ieuwen harren brea. En net yn it lêste plak tink ik oan: Brûzjend Hert Hallum, in leefberens-projekt fan ûnderen op, mar op heech nivo. Foar al dizze en oare saken sa as it fuortsterkjen fan ús moaie Fryske taal (Jou in bern in boek, Fryske plaknammen),  ha ik my ynsette mochten fanút myn beskieden plak as riedslid. En tige tankber bin ik dat wy de fjouwer sitten behâlde mochten. In grutte seine!

Tank oan ús tsjinbere boades, dêr’t wy altiten op rekkenje koenen, lyk as op de aktive griffier en syn warbere meiwurkers en âld-meiwurkers. Tank oan myn kollega-riedsleden en de (âld-)wethâlders.  Tank oan alle boargers, wêr’t wy kontakt mei hienen en ek dyjingen dy’t ús stimd hawwe yn eardere en ôfrûne tiid.

Foarsitter, ik wol ôfslúte. It hat in moaie tiid west, ek al wie der dy koroana-ellinde en is der no in ferskiklike oarloch geande. In drege tiid,  mar wêryn myn trouwe God my tiid, sûnens en romte joech.  De ynhâld fan dit ûndersteande gedicht hat my yn myn riedswurk altiten stipe en ik wol dizze wize wurden yn de twadde rykstaal, ús moaie Fryske taal,  jimme allegearre tawinskje yn dizze drege individualistyske en faak inkeld de minsk-sintraal-stellende tiid. It giet eins oer de Alfa en de Omega fan ús minsklike bestean.

 

Oeral, ferstruid, ferjage –

geduld, myn earme skiep!

Jim hoeder heart jim klage,

Hy rekket net yn sliep.

Ta God bring bea en winsken;

Syn heilsum Wurd ferstien;

bliuw fromme kristenminsken;

’t is hjir al ringen dien.

Jan Jarig van der Tol – Blije