Inbreng Lysbeth Vellinga bij de Algemene Beschouwingen 2024
Inbreng Lysbeth Vellinga bij de Algemene Beschouwingen 2024
Op donderdag 11 juli debatteerde de gemeenteraad over het raadsvoorstel Kadernota 2025-2028. Lees hier de volledige bijdrage van onze factievoorzitter Lysbeth Vellinga-Zeilstra.
Hjoed binne wy hjir gearkommen foar de Algemiene Politike Skôgings fan ús gemeente. Dit is it momint om te reflektearjen oer de steat fan ús mienskip, ús beliedsdoelen te besprekken en ús fisy foar de takomst te formulearjen. As fertsjintwurdigers fan de ChristenUnie litte wy ús liede troch de wearden fan neisteleafde, gerjochtichheid en rentmeesterschap – en sa no en dan mei wat humor. Want sin en wille kenne in protte tille.
Ik wol graach begjinne mei in wurd fan tank út namme fan myn fraksje. Tank oan ús kollega riedsleden en it kolleezje. Wy ha foar it grutste part fan dit ôfrûne jier noflik gearwurke. En yn it bysûnder tank oan de griffie, de bodes en ús amtners : Tank foar jim ûnmisbere stipe en tawijing. Jimme ynset soarget derfoar dat alles soepel ferrint en dat wy ús wurk goed dwaan kinne. Tige tank foar alles wat jimme dogge.
Foarsitter,
Wy steane foar in grutte finansjele útdaging. It driigjende tekoart fan trije miljard euro foar gemeenten yn 2026, ek wol it 'ravinejier' neamd, set ús allegear oan ta aksje. Dit freget om ferantwurdlik finansjeel belied en kreatyf tinken. Wy moatte gearwurkje mei oare gemeenten en de lanlike oerheid om oplossingen te finen en derfoar soargje dat ús mienskip net lijt ûnder dizze besunigings. Mei in bytsje ferstannich belied en in protte gearwurking kinne wy dizze krisis te boppe komme en trochgean mei it bouwen oan in rjochtfeardige, sûne en wolfeardige gemeente. Wy binne dan ek tige tefreden mei de nije wize wêrop't de Ried meinaam wurdt yn de gemeentlike finansjes en Majeure projekten. Mei tank oan de Auditcommissie.
Klimaatferoaring is in globale útdaging dy't ek by ús om lokaal aksje freget. Wy moatte ambisjeus wêze yn it befoarderjen fan duorsumens. It is wichtich om it wurd 'consuminderen' net te ferjitten, omdat enerzjy dy't net brûkt wurdt, ek net opwekt hoecht te wurden. Wy moatte tinke oan de takomstige generaasjes. Troch ferstannich om te gean mei enerzjy en ôffal kinne wy in ferskil meitsje en in bettere takomst skeppe foar ús bern en bernsbern. Wy moatte de netkrapte oanpakke. Troch gear te wurkjen mei netbehearders en te ynvestearjen yn de fernijing fan ús enerzjy-ynfrastruktuer, moatte wy derfoar soargje dat der genôch kapasiteit is om oan de besteande en groeiende fraach te foldwaan. Der binne altyd ûntwikkelings dy’t jo net foarsjen kinne. Dat freget somtiden linichheid. Dêrom wolle wy iepenstean foar nije inisjativen lykas yn Hallum en Betterwird.
Wat betreft ôffalskieding en ynsammeling, moat ús gemeente binnenkoart foldwaan oan de lanlike normen. Us miljeustrjitten kinne effisjinter ynrjochte wurde en ynwenners moatte oanmoedige wurde om ôffal better te skieden. Mar de gemeente stiet oan de latte om dat goed te fasilitearjen. Sa kinne wy ôffalhoeveelheden yn de grize kontener ferminderje en de kosten ferleegje. It is in mienskiplike ferantwurdlikheid om te soargjen foar in sûne en duorsume takomst. Dêrom ha wy in moasje makke oer it better skieden fan ôffal.
Wy binne ús derfan bewust dat op dit stuit mar in lyts tal ferienings finansjeel profitearret fan de opbringsten út âld papier, en dat nije oanmeldingen fan ferienings dy't âld papier ynsammelje wolle, net honorearre wurde. It oprjochtsjen fan in ferieningsfûns dêr't jild út de papieropbringst yn stort wurdt en dat jierliks ûnder de ferienings ferdield wurdt, sil rjocht dwaan oan alle ferienings, dy't op gelyksoartige wize en ûnder deselde betingsten oanspraak meitsje kinne op finansjele stipe.
De leefberens fan ús doarpen is fan grut belang. Wy moatte derfoar soargje dat de foarsjenningen yn de doarpen yn stân bliuwe en dat de mienskippen libben en fleurich bliuwe. Krekt as skoallen spylje doarpshuzen hjirby in krúsjale rol; se binne it hert fan it sosjale libben yn de doarpen. Wy moatte ynvestearje yn it ûnderhâld en de ûntwikkeling fan dizze sintra, sadat se in plak bliuwe dêr't minsken byinoar komme kinne foar aktiviteiten, eveneminten en mienskipsgefoel. Ien fan de útdagings wer’t wy de kommende tiid foar steane is: ta in oplossing te kommen foar it Spektrum yn Burdaard. Wy kinne der hjir net op foarút rinne, mar wat wol dúdlik is, is dat it in pine-holle-dossier is mei allinnich ferliezers. It sil sear dwaan foar alle partijen, mar wy moatte ús wol ynsette om ta in sa goed mooglike oplossing te kommen foar elkenien.
Goed ûnderwiis is de kaai ta in suksesfolle takomst foar ús bern. Ynvestearje yn skoallen en gelikense kânsen is essinsjeel. Ek romte foar kreativiteit en nije metoaden is wichtich. De kombinaasje fan soarch en ûnderwiis fierder útwurkje sjogge wy as in sprong foarút. Skoallen spylje in wichtige rol yn it libben fan bern en yn de doarpsmienskip. It ferdwinen fan in skoalle hat faak negative gefolgen foar lokale aktiviteiten en mienskipssin. Dêrom wolle wy lytse skoallen stypje. As skoallen ferdwine, moatte wy manieren fine om jonge minsken mei bern yn de doarpen te hâlden. Dat freget fan ús as gemeente en ried om linichheid, fysje en beleid.
Feiligens is in betingst foar wolwêzen. Wy moatte ynvestearje yn lokale feiligentsjinsten en soargje foar genôch BOA’s en wolwêzenwurkers. Mar soms kin in freonlike buorman mear dwaan as in hiele batterij helpferlieners.
Op it plattelân moatte wy allert bliuwe op wat him ôfspilet yn lege skuorren en loadsen. Wy wolle in gemeente wêze dêr't elkenien him thús fielt en dêr't diskriminaasje en útsluting gjin plak hawwe. Wy wolle der foar soargje dat der nea ien achterbliuwt troch mei te rinnen mei de swakkere.
De soarchfraach yn ús gemeente nimt ta, foaral troch de fergrizing. Wy moatte derfoar soargje dat de soarch tagonklik en betelber bliuwt. Dit betsjut ynvestearje yn mantelsoarchûndersteuning en previntive sûnenssoarch. Ek mentale sûnens fertsjinnet ús oandacht, benammen yn in tiid wêryn't sosjale isolaasje en iensumens hieltyd mear tanimme. It Bolwurk moat hjiryn in wichtige rol spylje kinne . Mar litte wy ek inoar helpe en stypje. Dat is in taak foar ús allegear. Jild dat beskikber steld is foar iensumens- en earmoedebestriding komt net ta syn doel as it op 'e planke lizzen bliuwt. Dêrom ha wy in moasje skreaun.
Us ynfrastruktuer is de libbensader fan de gemeente. Wy moatte trochgean mei ynvestearjen yn goede diken, fyts- en kuierpaden en iepenbier ferfier om de berikberens en feiligens te garandearjen. In weromkommende winsk fan ús fraksje is it ûntsluten fan Kollum troch in eastlike ringwei. Want de trochstreaming fan it ferkear rjochting yndustryterrein Eastlik Kollum lit in soad te winskjen oer. Dit liedt ta ferkearsstoaring en ûnfeilige situaasjes op de Tochmalaan yn Kollum, benammen tichteby Meckamastate. Derneist wurdt de Willem Lorewei ûnnedich swier belêste.
Ek de trochstreaming fan it ferkear rjochting Holwert lit in soad te winskjen oer; der ûntstiet ferkearsoerlêst by in iepene EE-brêge en it bedriuwepark Betterwird moat better ûntsluten wurde. Boppedat sil troch de ûntwikkeling fan sawol de “Prins” lokaasje as de “Noarderstek” de ferkearsintensiteit op de rûnwei fan Dokkum aardich tanimme. In westelike rûnwei is dêrom yn ús eagen needsakelik.
In wichtich ûnderwerp dat ús oandacht freget, is de komst fan in Asylsikerssintrum (AZC) yn ús gemeente. Wy fine it fansels tige spitich hoe oft it oan’t no ta oanflein is. Mar it bliuwt foar ús in wichtich punt. Fanút ús minsk wêzen, mar ek as kristen, fiele wy in djippe ropping om ús neisten yn need te helpen. Wy wolle in lytsskalich AZC wolkom hjitte en derfoar soargje dat de asylsikers har feilich en wolkom fiele. Wy moatte dêr yn gearwurkje mei organisaasjes, frijwilligers en tsjerken om flechtlingen te stypjen by harren yntegraasje.
Tegearre mei de ynwenners foarmje ús ûndernimmers de rêchbonke fan ús gemeente en sy fertsjinje ús stipe. Ynvestearje yn lokale bedriuwen en ûndernimmers is wichtich, en wy moatte soargje foar in geunstich ûndernimmersklimaat. Soms knypt dat wil ris. Sa as bygelyks by de sneinsrêst. De winkeltijdenverordening jowt romte en respekt oan minsken dy't de sneinsrêst en tsjerkegong graach yn eare hâlde, en tagelyk biedt it ûndernimmers de romte om harren saak op sneintemiddei te iepenjen. Dat wolle wy graach sa hâlde.
Achte foarsitter, achte leden fan de ried, de útdagings dêr't wy foar steane binne grut, mar ús mooglikheden om se te oerwinnen binne noch grutter. Litte wy gearwurkje oan in takomst dêr't elkenien yn ús gemeente florere kin. In takomst dy't duorsum, rjochtfeardich en wolfeardich is, woartele yn neisteleafde, gerjochtichheid en rentmeesterschap. Us fraksje wol mei in iepen blik en in konstruktive houding tegearre mei jim stribje nei it wolwêzen fan alle ynwenners. Under de segen fan ús Heare.
Tankewol