Zomaar een CU-stemmer #3: Meta van der Wekken- Akkerman

MetavanderWekken5.jpg
ChristenUnie Noardeast-Fryslan
Door Webredactie Noardeast-Fryslân op 18 januari 2022 om 19:40

Zomaar een CU-stemmer #3: Meta van der Wekken- Akkerman

In aanloop naar de gemeenteraadsverkiezingen op 16 maart 2022 brengen wij wekelijks een ChristenUnie-stemmer uit onze gemeente in beeld. Deze week is dat Meta van der Wekken-Akkerman. Tevens kandidaat op de lijst voor de CU op nummer 17.

Begin januari is het een drukte van belang bij de familie Van der Wekken in Dokkum. Een dochter uit Canada is met haar gezin drie weken op vakantie en er is een stagiair die meeloopt met de heer des huizes, ds. Ton van der Wekken van de christelijke gereformeerde kerk van Dokkum. Zijn echtgenote Meta heeft tijdens het verblijf van haar dochter bijna drie weken vrij kunnen nemen

Drukte in huis is ze wel gewend want samen met haar man heeft ze zes kinderen opgevoed. Meta: ,,Ik ha bewust keazen om thús te bliuwen doe’t de bern kamen. Ik tocht ‘Myn man moat de frijheid ha yn de pastorij’ en wy krigen in gesin mei 6 bern, dus der wie genôch te dwaan. Mar doe’t wy 6 jier lyn yn Dokkum kamen, bin ik wer begûn te wurkjen.” 

Meta werkt bij thuiszorgorganisatie Buurtzorg, dat verspreid over Nederland opereert met kleine, zelfstandige teams. Meta: ,,Wy stjoere de teams selsstannich oan. Wy nimme sels de minsken oan, wy hawwe ús eigen kantoar, wy dogge ús eigen planning. Mei ûngefear 10 minsken en opropkrachten sitte wy yn ien team.  De lijntsjes binne hiel koart, wy nimme sels kontakt op mei de húsarts, apoteek en oare fêste oansprekpunten. 

Foar de ChristenUnie is it belangryk dat Dokkum syn regiofunksje behâld en dat de doarpen har eigenheid behâlde. Ik tink ek dat it in hiel protte motivaasje jout as minsken sels belutsen wurde yn de organisaasjes, sa as fan de doarpshuzen. As minsken mei ferantwurdlik binne yn in doarp dan geane je meiinoar foar itselde doel. Dan fine je it wichtich om it karakter fan it doarp te behâlden en de feilichheid te garandearjen, ek foar de bern en de jongerein dy’t dêr opgroeie. Meiinoar de ferbining sykje. 

Wat ik hiel wichtich fyn is it klimaat en dat der wat dien wurdt oan bygelyks al dat medisynôffal yn it wetter. In hiel grut stik fan ús gemeente grinzet oan de Waadsee, dus dat is ek wol in wichtich item. Ik ha begrepen dat yn Garrelsweer in proefstasjon by in rioelsuvering is dat it wetter fan medisinen suveret. As dat oanslacht, komme der mear fan sokke stasjons. It is foar de gemeente wol wichtich om soks te ûndersteunen.

Ik ha my lêsten ferskriklik opwûn - ‘ferskriklik’ is miskien in grut wurd - dat se yn de Troanrede fan alles tasizze, sa as ‘wy donearre safolle vaccins oan de earme lannen’, mar as it der op oan komt, dan komt der niks fan. Je fiele je dan machteleas. Je kinne dan as individu sa’n lyts bytsje dwaan, mar as je by in partij binne, dan kin dy der wat oan dwaan. Dat is de reden om lid te wurden, om mei safolle lytse minsken in fûst meitsje te kinnen. Ik bin lid fan de CU, omdat dizze partij har liede lit troch it Wurd fan God. Dêr lit ik my ek troch liede. Dizze lieding wurdt sichtber yn de wize fan polityk bedriuwen, yn de visie op minsken, de omgang mei minsken, it klimaat en alles.

Fierders fyn ik de polityk in hiel dreech fak, dêrom stean ik net heech op de list, mar it is wol belangryk dat minsken sjogge: dy stiet derfoar en dy wol dêr in stim oan leverje.”

Voor de foto gaan we naar de groenstrook tussen parkeerterrein van de kerk en de pastorietuin. Samen met kerkleden heeft ze hier plantjes in de zwarte aarde gezet; tuinieren is een van haar hobby’s.